Jonge (16) pakt auto styfheit

07 feb 2010 - 15:53

In 16-jierrige jonge út Snits is sneontenacht oanholden om't er sûnder tastimming de auto fan syn styfheit (55) út De Lemmer meinommen hie. Dy melde de fermissing fan syn auto sneontejûn en die oanjefte.

Nachts seagen plysjes de auto riden op De Lemmer. achter it stjoer siet de 16-jierrige út Snits. De jonge is oanholden en tsjin him is proses-ferbaal opmakke fanwege joyriden en it riden sûnder rydbewiis.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)