Friezen 3e by yndoor-atletyk
By de Nederlânske kampioenskippen yndoor atletyk, snein yn Apeldoorn, is Douwe Amels fan Drachten tredde wurden by it heechspringen. Mei in sprong fan 2.13 meter wûn hy it brûns.
José van der Veen pakte op de 800 meter ek it brûns. José wie net tefreden mei it tredde plak. As oarsaak joech se oan dat se krekt út Amearika kommen is en dêrtroch in trainingsefterstân hat.