Boete foar ferkeard ôffal

07 feb 2010 - 13:50

Ynwenners fan Wymbritseradiel krije in boete as se ferkeard ôffal yn de konteners dogge. Dat hat de gemeente besletten. Dy fernimt hieltyd faker dat minsken ferkeard ôffal yn de grize en griene konteners dogge.

It giet dan bygelyks om griente-, fruit- of túnôffal dat yn de grize kontener dien wurdt, mar ek om pún, bou en sloopôffal. Dat mei net yn de kontener, mar moat nei it stoart. Foarhinne krigen minsken dy't yn oertreding wiene noch in warskôging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)