Arjan Stroetinga wint maraton

Arjan Stroetinga (foto: Martin de Jong)
Arjan Stroetinga fan Waskemar hat snein yn Biddinghuizen de tredde maraton fan it Grand Prix Sirkwy op syn namme skreaun. De 28-jierrige Stroetinga wie op de iisbaan FlevoOnice nei 75 kilometer de rapste yn de massasprint. It wie syn njoggende seizoensoerwinning.
Douwe de Vries fan It Fean bliuwt de lieder fan it klassemint. De Grand Prix giet oer fiif wedstriden. It peleton rydt de kommende wiken noch yn it Sweedske Falun en it Finske Kuopio.