Gjin feroarings by SC Cambuur

Bob Schepers begjint wer yn de basis
Sportklup_Cambuur begjint moandei yn de wedstriid tsjin Fortuna Sittard mei deselde alve spilers as freed tsjin AGOVV. Dat betsjut dat Bob Schepers opnij yn de basis begjint en dat Mark de Vries en Danny Guijt wer op de bank sitte.
De seleksje is fierder sa goed as folslein. Ek Nassir Maachi, dy't dit wykein heit wurden is, kin wer spylje. Allinnich de al langer blessearren Jos van Nieuwstadt en Rudy Jansen binne der net by.