Dingsdag lilk op sjoernalist

Dingsdag lilk op ferslachjouwer Ljouwerter Krante
Ferdigener Michael Dingsdag fan Sportklup Hearrenfean hat justerjûn in sjoernalist fan de Ljouwerter Krante bekûgele mei in blikje enerzjydrank. Hy waard lilk yn in petear mei de ferslachjouwer. Hy miste lykwols.
Dingsdag woe ferhaal helje nei oanlieding fan in artikel yn de krante sneontemoarn. Yn in ynterview mei âld-ynterimtrener Jan de Jonge waarden hy en Gerald Sibon neamd as spilers dy't oan de basis stiene fan it opsizzen fan De Jonge.