Plysje hâldt 'carjacker' oan

De resjerzje hat in 19-jierrige man út Lelystêd oanhâlden dy't fertocht wurdt fan it stellen fan de auto fan in 39-jierrige frou út Snits. Op 21 jannewaris waard de frou by de McDonalds by Lelystêd troch twa manlju mei in mes bedrige. Se lutsen har mei geweld út de auto en naaiden mei hege snelheid út.
In 19-jierrige man koe nei in wylde efterfolging troch de plysje oanhâlden wurde. De twadde man ûntkaam en is no yn syn wenning oanhâlden.