FNP: 2 wethâlders foar B'him

De trije sittende wethâlders De Haan, Van Beek en Jager
Neffens de FNP fan Boarnsterhim kin de gemeente nei de ferkiezings wol ta mei twa wethâlders. De gemeente moat flink besunigje. Neffens de fraksje kin it net sa wêze dat it kolleezje royaal op fjouwer leden sitten bliuwt. Twa wethâlders en in boargemaster, mei in soad ûnderfining, moatte in amtlike tsjinst mei 140 minsken maklik oanstjoere kinne, sa fynt de FNP.
Yn it gefal dat der dochs trije wethâlders komme, dan soene dy in dieltiid-oanstelling krije moatte.