Nijbou op 'e Tynje útein set

Under grutte belangstelling fan 'e bewenners is freed op 'e Tynje it startsein jûn foar twa nijbouprojekten. Wenningkorporaasje Elkien en de gemeente litte yn it doarp 14 enerzjysunige hier- en keapwenten bouwe yn útwreidingsplan Riperwâlden. Ek wurdt de Romke van Damwei fernijd. Hjir meitsje 20 âldere hierwenten plak foar 16 nije.
De bewenners fan De Tynje koene sels meitinke oer it type wenten dat der komme moast.