Drankriders ferlieze rydbewiis

06 feb 2010 - 13:10

Twa drankriders binne freedtenacht harren rydbewiis kwytrekke. In bestjoerder (23) fan Wommels en in automobilist (24) fan Drachten hiene safolle drank op, dat se harren rydbewiis ynleverje moasten. It giet yn beide gefallen om begjinnende bestjoerders.

In man (24) fan Sint Jânsgea rekke op de A32 by Grou syn rydbewiis kwyt. Plysjes seagen de man mei in snelheid fan 135 kilomter de oere oer de krusing by de Werpsterhoeke riden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)