SC Cambuur ferjit te winnen

05 feb 2010 - 23:08

Sportklup_Cambuur is der freedtejûn net yn slagge om thús fan AGOVV te winnen. Yn de achtste minút fan de blessueretiid soarge âld-Cambuurspiler Paul Mulders foar de 1-1 einstân. Der kaam sa'n soad tiid by om't keeper David Meul lang behannele wurde moast oan in blessuere oan de holle.

Sandor van der Heide soarge oan de ein fan de earste helte foar de 1-0 foar de Ljouwerters. Cambuur krige yn de twadde helte noch in soad kânsen, mar krige it lid dus úteinlik op de noas.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)