Jeugd oppakt foar ynbraken

05 feb 2010 - 20:25

De plysje yn Ljouwert hat mei de oanhâlding fan ien jonge fan 14 en twa fan 15 jier seis wenningynbraken oplost. De trije binne op 1 jannewaris op de die betrape doe't se dwaande wiene yn in wenning oan de Fennen.

Nei de oanhâlding fan de trije binne noch fjouwer oare jongens út Ljouwert oanhâlden. De groep hat tusken oktober 2009 en jannewaris dit jier belutsen west by seis ynbraken. Se ha benammen kompjûters, bankpaskes en sierraden stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)