Dútse frachtwein te swier
Op de Zuidwalweg yn Harns hat de plysje freed trije frachtweinsjauffeurs fan de dyk helle. Alle trije riden se mei in te swiere lading op de dyk. De swierste frachtweinkombinaasje wie dy fan in Dútse sjauffeur. Dy hie fiifentweintich persint mear lading as it maksimum tastiene gewicht.
De sjauffeur moast gewicht ôflade en in boete fan 750 euro betelje.