Saak-frikandel definityf oer

05 feb 2010 - 17:18

It iepenbier ministearje lûkt it kassaasjefersyk tsjin in jongeman út Stynsgea (18) yn. Dêrtroch is er no definityf frijsprutsen. De jongeman waard mei noch twa oaren fertocht fan it ferkrêftsjen fan in minderjierrige doarpsgenoat. Dat soe dien wêze mei in beferzen frikandel.

Yn desimber ferline jier binne de trije yn heger berop frijsprutsen. It Iepenbier Ministearje woe yn kassaasje by de Hege Ried, mar dat giet no net troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)