Sertifikaat foar coach op CIOS

Fjirtich treddejiers studinten fan de sportoplieding CIOS op It Hearrenfean binnen offisjeel coach. It CIOS hat as earste skoalle yn Nederlân it fak Coachen yn de sport opnaam yn it fakkepakket. Dermei wolle se it tekoart oan goed oplate coaches yn de sport oplosse. Ald-follybalcoach Joop Alberda rikte de sertifikaten út. Hy fynt de oplieding in erkenning fan it fak fan coach. Coaches dy't in goeie oplieding hân ha binne mar kwalik te finen.