Stipejild foar Fries Museum

05 feb 2010 - 16:24

It Fries Museum hat 75.000 euro krige fan de Mondriaan Stichting. It jild is bedoeld foar de oankeap fan moderne en hjoeddeiske keunst. It museum krige al earder jild fan de stichting. Dy jout mar in beheind tal musea finansjele stipe. It jild is bedoeld foar dit jier en takom jier.

De Mondriaan Stichting is tige te sprekken oer de oankeapen moderne keunst fan it Fries Museum. De kwaliteit fan 'e kolleksje is de lêste jierren heger wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)