Nije sponsors SKS-skûtsjesilen

De SKS hat der twa nije sponsors by. It giet om de Dokkumer Vlaggen Centrale en Heineken. Beide bedriuwen binne net frjemd foar de skûtsje-organisaasje. Heineken wie yn it ferline by de wedstriden oanwêzich mei in bierboat, de flaggesintrale levert al jierren de SKS-wimpels.
De twa bedriuwe binne subsponsor fan de SKS. Dy hat romte foar noch twa subsponsors. Watfoar bedraggen de beide bedriuwen betelje, is net bekend makke.