Nije lieding foar biogas

05 feb 2010 - 13:28

Der komt in lieding foar biogas troch Fryslân te lizzen. Dêrfoar binne freed op it provinsjehûs yn Ljouwert hantekens set. De lieding rint fan Ljouwert nei Holwert. Troch de piip rint biogas fan boeren út Ferwerderadiel en oare gemeenten nei in opwekstasjon yn Ljouwert.

Foar de boeren yn 'e streek dy't in fergister hawwe is de nije biogaslieding in goede kâns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)