Farferbod wer opheft

05 feb 2010 - 12:07

It farferbod is sûnt freedtemiddei tolve oere yn 'e hiele provinsje opheft. Dat betsjut dat boaten op alle kanalen en farwegen wer frije tagong hawwe.

Yn ferbân mei it iis hat in tal provinsjale farwegen in skoftlang ôfsletten west. Provinsjale Wettersteat hat no alle kanalen en oare wetters wer frijjûn foar de skipfeart.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)