Heerkes bliuwt by Hearrenfean
Gert Heerkes bliuwt assistint-trainer by SC Hearrenfean. Heerkes wurdt ien fan assistinten fan de nije trainer Jan Everse.
SC Hearrenfean siket noch in twadde assistint. Wa't dat wurdt, is noch net bekend. It moat in âld fuotballer wêze, seit Hearrenfeandirekteur Yme Kuiper. De twadde assistint moat sa gau mooglik oan 'e slach.