Agressive Ljouwerter oppakt

De Nijstêd yn Ljouwert
De plysje hat ôfrûne nacht in 24-jierrige Ljouwerter oppakt om't er agressyf wie en him hiel ferfelend gedroech. De man wie út op rûzje. Op de Nijstêd yn Ljouwert rûn er mei de fûsten omheech al razend op minsken ôf.
De warskôge plysje besocht de man ûnder kontrôle te krijen. Mar hy begûn te skellen, wêrnei't er oanholden is. Op it buro die bliken dat de Ljouwerter noch socht waard foar fernieling en bedriging.