Everse nije Hearrenfeantrainer

05 feb 2010 - 08:15

Jan Everse is de rest fan dit seizoen trainer fan Hearrenfean. Dat hat Yme Kuiper bekend makke. Hy folget Jan de Jonge op, dy't syn funksje as haadtrainer woansdeitejûn ynlevere. De Jonge die dat fanwege de minne resultaten. Jan Everse wie trainer fan FC Zwolle, mar krige dêr ein oktober dien. Sûnt dy tiid wurket er foar amateurklup RVVH yn Ridderkerk.

Earder wurke Everse foar Sparta en it Finske FC Jokerit. As spiler kaam hy út foar Ajax en Feyenoord.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)