Fier Fryslân helpt bern Haïty

It berne- en jeugdtraumasintrum fan Fier Fryslân helpt de kommende tiid adopsjebern dy't nei de ierdbeving op Haïty nei Nederlân kaam binne. It sintrum docht dat op fersyk fan minister Rouvoet fan Jeugd en Gesin. It sintrum sil de bern helpe by it ferwurkjen fan trauma's.
De help is rjochte op it ferwurkjen fan de ierdbeving sels, mar ek om problemen dy't letter noch ûntsteane. Ek de adopsjeâlders fan de bern sille troch it sintrum holpen wurde.