Gemeente achter Veilige Veste

04 feb 2010 - 20:33

De plysje en ek gemeente Ljouwert steane achter it projekt Veilige Veste fan Fier Fryslân. Dat projekt hâldt yn dat froulju dy't mishannele binne net langer op geheime plakken opfongen wurde.

Fier Fryslân hat tongersdei foar dit projekt in heal miljoen euro krigen fan de Postcode Loterij-show. Se wolle dat jild brûke om it âlde plysjeburo oan de Holstmeerwei yn Ljouwert oan te keapjen en yn te rjochtsjen foar dat doel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)