NORO-firus yn Appelskea

04 feb 2010 - 18:11

Yn ferpleechhús Stellinghaven yn Appelskea is 1 op de 5 bewenners troffen troch it NORO-firus. Dit firus soarget foar slimme spuierij en diaree en is hiel besmetlik. Foar âldere minsken is it firus gefaarlik, omdat dy in gruttere kâns op útdroeging hawwe. Nei de besmetting wurde minsken binnen 1 of 2 dagen siik en dat duorret in dei as fiif.

Ferline wike waard ek soarchsintrum de Waadwente yn Dokkum troffen troch it Noro-firus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)