Foppe de Haan net nei It Fean

Foppe de Haan bliuwt yn Súd-Afrika
Foppe_de_Haan is net fan plan om ynterim trainer by SC_Hearrenfean te wurden. En hy is dêr ek net foar benadere. Dat seit De_Haan yn in reaksje op geruchten dy´t dêroer geane. De âld-Hearrenfean trainer wurket sûnt oktober fan dit seizoen by Ajax_Cape_Town yn Súd Afrika.
Neffens De_Haan hat hy noch in kontrakt en hy is net fan plan om dat yn te leverjen. Boppedat hat hy it nei it sin en wol hy yn de kommende moannen noch mear fan it lân sjen.