Ferset tsjin wenarken

04 feb 2010 - 14:58

Ynwenners fan Twellingea komme yn ferset tsjin it ferfangen fan trije wenarken yn de Brêgesleat by it doarp. Yn it ferline is ôfpraat dat de arken stadichoan ferdwine soene. No't de gemeente Wymbritseradiel posityf is oer in bou-oanfraach foar nije arken lykje dy ôfspraken fergetten.

Wethâlder Gerbrandy seit dat soks perfoarst net it gefal is. Neffens him ha de eigners rjochten en kinne dy net samar wegere wurde. De nije arken binne kwa ôfmjittings oan regels bûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)