'Placemat-man' rehabilitearre

04 feb 2010 - 14:11

In Ljouwerter (27) dy't yn novimber troch de plysje op in placemat ôfbylde wie, is troch boargemaster Crone rehabilitearre. Dat meldt de advokaat fan de Ljouwerter. De man hie nei de Cambuurrellen fan juny ferline jier in ferbod krige om yn it stadion of de omkriten dêrfan te kommen. Undersyk troch justysje hat oantoand dat er gjin skuld hat. Hy waard frijsprutsen.

Yn in brief oan de Ljouwerter seit de boargemaster dat it spitich is dat it bard is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)