Stimwizer foar Ljouwert

Yn Ljouwert is in nije spesjale stimwizer op ynternet set foar de kommende gemeenteriedsferkiezings op 3 maart. Op www.leeuwardenkiest.nl kin de politike foarkar úttest wurde oan 'e hân fan in tal stellings.
De stimwizer moat minsken derta oerhelje dochs nei de stimbus te gean. Ljouwerters sûnder kompjûter kinne yn 'e hal fan it stedskantoar terjochte foar de stimwizer. De stimwizer is twatalich Frysk en Nederlânsk.