'Starum moat better berikber'

04 feb 2010 - 13:36

De ried fan Nijefurd nimt healwei febrewaris in beslút oer de ferkearsproblemen by Starum. Oer Himmelum, Warns en in nije eastlike dyk by Starum moat de stêd better berikber wurde. Der soe fierders in nije brêge komme moatte oer it Johan Frisokanaal. Yn dat gefal moat de Kobrêge yn Starum oanpast wurde foar swier transport.

De plannen stean yn in foarstel fan boargemaster en wethâlders. De wegen kostje 12 miljoen, de brêge 7 miljoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)