Hackerspace iepen foar publyk

31 mrt 2012 - 12:12

Hackerspace Frack op it Suderplein yn Ljouwert is sneon iepen foar publyk. Belangstellenden meie yn it hackershonk komme om te sjen wat de hackers mei kompjûters dogge. It giet om hobbyisten, saneamde etyske hackers. Se brekke net yn kompjûters fan oaren yn om de saak te fersteuren. Se ûndersykje bygelyks hoe't se robots mei de kompjûter bestjoere kinne en hoe't se websides fan bedriuwen beskermje kinne tsjin ynbrekkers. Frack bestiet no hast in jier en der binne 20 leden.

Trefwurden: 
kompjûter hackerspace FRACK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)