Gau nije trainer Hearrenfean

04 feb 2010 - 12:28

SC Hearrenfean siket op koarte termyn in nije trainer dy´t it seizoen ôfmeitsje kin. Oant dy tiid nimme de beide assistint-trainers, Gert_Heerkes en Johnny_Jansen, de taken fan de opstapte Jan_de_Jonge oer. Sy sille nei alle gedachten ek dit wykein by de wedstryd tsjin FC Utrecht op de bank sitte.

Oan hokker trainer de klup tinkt en oft hy ek takom jier op de bank sitte sil, wol direkteur Yme Kuiper op dit stuit gjin ynformaasje oer jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)