'Frjentsjerteradiel Aktyf'

Ynwenners Frjentsjerteradiel moatte mear bewege
De gemeente Frjentsjerteradiel hat it startsein jûn foar Frjentsjerteradiel Aktyf. Dat moat ynwenners derta oansette diel te nimmen oan sport- en bewegingsaktiviteiten. Doel is benammen minsken te berikken dy't net genôch bewege of dy't te swier binne.
Frjentsjerteradiel wol him mear profilearje as sportstêd. De útkomsten fan alle sportaktiviteiten wurde yn septimber presintearre.