Warskôging foar babbeltrúk

04 feb 2010 - 11:16

De plysje yn Ljouwert warskôget ynwenners fan 'e stêd foar froulju dy't mei in babbeltrúk de wenten fan âldere minsken yn besykje te kommen. Woansdeitemiddei is dat op it Raaigras en de Uiterdijksterweg twa kear foarkaam. Froulju mei in bleekbrune hûdskleur joegen harren út foar meiwurkers fan in soarchfersekerder.

Yn beide gefallen fertrouden de bewenners it net en giene de froulju wer fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)