Man út Sweagerbosk langer fêst

04 feb 2010 - 10:28

De man út Sweagerbosk dy't by de Van Kleffensskoalle op It Hearrenfean delsketten is, moat noch 30 dagen langer fêstsitten bliuwe. Dat hat de rjochter-kommissaris besletten. De fertochte ferskynde woansdei yn in rolstoel foar de riedkeamer. Op tiisdei 19 jannewaris stuts de man syn hûs yn Sweagerbosk yn 'e brân. Dêrnei stie er by de skoalle fan syn bern op It Hearrenfean mei in mes te swaaien. Omdat er dûm wie, hat de plysje him mei twa kûgels delsketten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)