Al wer sieraden stellen

Foar de tredde nacht achterinoar binne by in ynbraak yn 'e provinsje sieraden stellen. Woansdeitenacht wie it safier yn Drachten. Yn in winkel oan it Molenend waard in fitrine iepenbrutsen en in ûnbekend tal sieraden meinaam.
De dieders kamen deryn troch de foardoar iepen te brekken. In 55-jierrige ynwenner út Sânhuzen hat oanjefte dien. Earder dizze wike waarden sieraden stellen út winkels yn Snits en op It Hearrenfean.