Romte foar havenbedriuwen

Bedriuwen dy't neat mei de haven fan Harns te krijen hawwe, moatte derwei. Sa moat der romte komme foar ûndernimmings dy't oan 'e haven bûn binne. Dat is it doel fan in ûndersyk fan 'e gemeente Harns en de provinsje. Besjoen wurdt oft de groei yn de besteande haven opfongen wurde kin of dat útwreiding needsaaklik is.
Op it stuit is der noch genôch romte yn de besteande haven. De gemeente ferwachtet lykwols dat as de ekonomy wer oanlûkt der krapte ûntstiet.