Krityk op sosjaal pensjon

03 feb 2010 - 22:45

Buertbewenners fan de wenwyk Noardeast yn Drachten ha in soad krityk op it sosjaal pensjon dat oan de Stasjonswei iepene wurdt. Dat die woansdeitejûn bliken op in ynformaasjebyienkomst.

De gemeente Smellingerlân en opfangorganisaasje Zienn hawwe bewenners ferline wike ynformearre oer it plan om 24 dak- en thúsleazen mei problemen in appartemint te jaan yn de eardere Rehoboth Mavo. De buert is benaud foar oerlêst en weardefermindering fan harren huzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)