Weedplantaazje Ljouwert oprôle

03 feb 2010 - 13:50

De plysje hat woansdeitemiddei in weedtún oprôle yn in wenhûs oan de Robert Kochstrjitte yn Ljouwert. De bewenner hie yllegaal stroom ôftape. De tún mei dêryn 200 hennepstekjes is ferneatige.

Om't yn de strjitte ek in vmbo-skoalle sit, wie der flink wat publyk fan skoaljeugd by de ûntromming fan de kwekerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)