Wethâlder mist wurktillefoan

03 feb 2010 - 13:30

Wethâlder Marco Florijn fan Ljouwert is, nei alle gedachten ûnder it stappen, syn wurktillefoan kwytrekke. Dêrmei leit ek syn hiele kontaktebestân op strjitte.

Neffens de gemeente Ljouwert is der lykwols neat oan de hân. De sim-card yn de tillefoan is fia de KPN ûnbrûkber makke. Der soene dan ek net mear tillefoannûmers úthelle wurde kinne, sa seit de gemeente. De wethâlder hat ûnderwilens in nije tillefoan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)