Harns wol mear hoareka

Yn Harns is romte foar mear hoareka. Dat fynt it kolleezje fan B&W. Foaral de toeristen binne dêrmei holpen, sa is de ferwachting. In plan om de útwreiding mooglik te meitsjen, wurdt op dit stuit troch de besteande hoareka-ûndernimmers besjoen.
It giet by de útwreiding net om de saneamde 'wiete' hoareka lykas kafees en diskoteken. Ek de lokaasjes dêr't útwreide wurde kin, binne beheind. Der wurdt dan tocht oan Voorstraat, Grote Bredeplaats en Waddenpromenade.