Sieraden út fitrine stellen

Yn in winkel op de Lindegracht op It Hearrenfean binne tiisdeitenacht gouden sieraden út in fitrine stellen. Om healwei fiven gie it alarm ôf en belle in tsjûge nei de plysje omdat er twa maskere minsken de winkel útkamen.
De beide ynbrekkers naaiden út yn de rjochting fan it Geert Willigenplein. In syktocht fan de plysje smiet neat op.