Poeiermolke foar skoalbern

03 feb 2010 - 11:16

De skoalbern fan Burgum krije freedtemoarn poeiermolke en koeke omdat se de ôfrûne wiken sûnder seuren troch de snie en oer glêde diken nei skoalle kaam binne. Persoaniel fan skoallemienskip Singelland wachtet de bern dêrom freedtemoarn mei in 'koek-en-zopie'-tintsje op.

De skoalle wol dêrmei wurdearring kenber meitsje foar it trochsettingsfermogen fan de bern en foar it feit dat se hast altiten ek noch kreas op tiid wiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)