Man driget mei fjoerwapen
Yn Frjentsjer hat de plysje tiisdeitemoarn in 24-jierrige man oanhâlden foar bedriging mei in fjoerwapen. De man soe yn in kafee yn de nacht fan sneon op snein in wapen tsjin de holle fan in 18-jierrige man drukt ha.
Beide Frjentsjerters hiene wurden hân. By de oanhâlding yn it wenhûs fan de fertochte fûn de plysje ek it fjoerwapen dat de man brûkt hat.