Soad krityk op Rendert Algra

Rendert Algra jout krityk en krijt krityk
Der is in stoarm fan krityk ûntstien nei de útlittings fan CDA-Twadde Keamerlid Rendert Algra. Dy fynt dat Fryske aksjegroepen tefolle protesteare en net nei de grutte belangen sjogge. De aksjes tsjin de ôffaloven yn Harns, de protesten tsjin de nije Súdwesthoekegemeente, tsjin it lûd fan de JSF en de Sintrale As.
De aksjegroepen tinke dêr oars oer. It falt de aksjegroepen ôf dat krekt in man as Algra, dy't sels ek in soad aksje fierd hat, dit no seit.