Fúzje Rabo's Gordyk/It Fean

De banken fan Haulerwyk/De Gordyk en It Fean geane tegearre fierder
De fúzje tusken de Rabobank fan De Gordyk en Haulerwyk en de Rabobank fan It Hearrenfean giet troch. De leden ha moandei yn grutte mearderheid ja sein tsjin de fúzje.
De twa banken sille fan 1 april ôf tegearre fierder as ien bank mei goed 330 meiwurkers. De namme wurdt dan Rabobank Heerenveen-Gorredijk.