Jild foar ûnderwiis Sm'lân

02 feb 2010 - 16:34

De gemeente Smellingelân jout mear jild út oan de skoallen dan dat se fan it ryk krije. Earder wie der ophef ûntstien om't út sifers fan de Algemiene Ûnderwiis Bûn bliken die dat Smellingelân net al it ryksjild oan de skoallen bestege hie. Op fersyk fan de gemeente binne de sifers op de website fan de AOB no oanpast.

Sa is te sjen dat der yn de ôfrûne fjouwer jier hast 25 miljoen euro oan jild binnenkaam is, mar dat de gemeente goed 36 miljoen útjûn hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)