Nije technyk yn museum Dokkum

Yn museum It Admiraliteitshûs yn Dokkum krije besikers tenei mear ynformaasje fia de mobile tillefoan. Troch de tillefoan mei in kamera foar in streepkeskoade te hâlden komt men automatysk op ynternet. En dêr stiet allegear ekstra ynformaasje. Dizze technyk bestiet al langer.
De Fryske plysje brûkte de streepkeskoades koartlyn op posters om de dieders fan in oerfal op te spoaren. It Adminiraliteitshûs is ien fan de earste musea dy't der mei wurket.