Sw'bosker woansdei foarlaat

02 feb 2010 - 13:35

De 40-jierrige man út Sweagerbosk dy't twa wike lyn by de Van Kleffensskoalle op it Hearrenfean delsketten is, leit op dit stuit yn it penitinsjêr sikehûs yn Skeveningen. Moarn moat hy foar de rjochter-kommissaris ferskine. Dan wurdt bepaald oft hy noch langer fêsthâlden wurdt.

Der is ferfier foar him regele om nei de rjochtbank yn Ljouwert te kommen, mar it is noch net dúdlik oft hy dêr gebrûk fan makket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)