De Vries start eigen oplieding

De Vries yn Makkum start in eigen fakoplieding
Der is in tekoart oan jonge minsken yn de skipsbou. De Vries Scheepsbouw yn Makkum begjint dêrom sels mei in offisjele fakoplieding, dêr't learlingen in lanlik erkend diploma mei helje kinne. Neffens de direksje fan it bedriuw slute opliedings yn it gewoane technysk ûnderwiis net goed genôch oan op de praktyk.
De nije oplieding moat twa of trije jier duorje. Begjin dit jier is De Vries al begûn mei in aparte ynterne oplieding foar sa'n 25 jongeren.